Sliepboat ûnearlike konkurrint

12 jun 2014 - 22:28

Der driget in probleem mei sliepboaten op Skylge. Dat seit it Skylger riedslid Gossen Bos fan Plaatselijk Belang Terschelling. De boaten wurde faak brûkt troch toeristen as it Oerol of it Into the Great Wide Open festival hâlden wurdt. Neffens Bos soene de boaten soargje foar ûnearlike konkurrinsje foar de eilanner hotels en kempings. Hy fynt dêrom dat der in halt taroppen wurde moat oan it oanbieden fan sliepplakken yn de haven fan Skylge.

Wethâlder Hoekstra hat tasein de saak te ûndersykjen en sil hânhavenje as de regels oertreden wurde.

Trefwurden: 
Skylge toerisme sliepboaten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)