Auto Marrum fan fermiste man

12 jun 2014 - 22:25
  • De maresjesee oan it sykjen yn Marrum

De plysje docht ûndersyk nei de fermissing fan de 36e jierrige Sicco Cuperus út Ljouwert. De man is foar it lêst sjoen yn Ljouwert, mar syn auto is yn Marrum oantroffen. Hjir die de maresjesee tongersdeitemiddei al ûndersyk. Sicco Cuperus is 1 meter 90 lang, en is keal.

Minsken dy't wat witte oer de fermissing wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje op tillefoannûmer 0800-6070.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)