Asbest frijkommen by ûngelok

By it ûngelok binne meardere auto's belutsen © Wietske de Jong
Yn ien fan de auto's dy't tongersdei oan it begjin fan de jûn belutsen wie by in grut ûngelok op de A7 by De Jouwer lei asbest. Dat lit de brânwacht witte. It soe gean om meunsters fan asbest.
In berger sil no yn oparbeidzjen mei de brânwacht soargje dat it asbest feilich fan it plak fan it ûngelok helle wurdt.