A7 ôfsletten nei grut ûngelok

Op de A7 tusken Snits en It Hearrenfean, krekt foar de rotonde fan De Jouwer, is om seis oere hinne in grut ûngelok bard. De dyk is tusken Snits en De Jouwer, yn 'e rjochting fan De Jouwer, folslein ôfsletten. By it ûngelok binne in frachtwein en meardere auto's belutsen, ien dêrfan is kantele.
Der binne twa minsken ferwûne rekke, wêrfan ien earnstich. De helptsjinsten, wêrûnder de traumahelikopter, binne manmachtich útrukt. It ferkear wurdt omlaat.
Troch it ûngelok en de omlieding stiet it ferkear fêst.