Lêste boere-PC yn Stiens

12 jun 2014 - 16:36
  • Gesellich neisitte nei de boere-PC yn Stiens

Yn Stiens is tongersdei de lêste edysje fan de PC foar boeren ferkeatst. De organisaasje woe nei acht kear wol in punt sette achter harren wurk en boppedat hold de haadsponsor Friesland Bank der ferline jier mei op. Foar dit jier wie der noch wol in nije sponsor fûn, mar dêrnei hâldt it foar dit bestjoer op. Der binne miskien opfolgers, mar dat is noch net wis.

Yn 2013 gie it net troch fanwege it wiete waar. Yn 2012 wiene der 100 dielnimmers, dit jier steane der 80 minsken op de list.

It wiene der earst mear, mar fanwege it waar moatte in soad boeren kuile en dan giet it wurk foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)