Syktocht maresjesee yn Marrum

Yn Marrum is tongersdeitemiddei in ûndersyk útfierd troch de Keninklike Maresjesee.It giet om de syktocht nei in Ljouwerter wurknimmer fan de maresjesee, dy't sûnt moandei fermist wurdt.
It giet om it gebiet by de leechsteande suvelfabryk oan de Lege Hearewei. Ek it âlde suvelfabryk sels soe yn it ûndersyk meinommen wurde. Fierder soenen buertbewenners ûnderfrege wêze. De plysje ferwiist nei de maresjesee. Dy komt letter mei mear ynformaasje.