Zeinstra by Ingelân-Italië
It team fan assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra fan Dronryp sil de wedstriid Ingelân - Italië liede op it WK yn Brazilië. Dy wedstriid wurdt sneon spile. Zeinstra is mei Sander van Roekel assistint-skiedsrjochter. Björn Kuipers is de haadskiedsrjochter. Zeinstra wie earder al oanwêzich op it Europeesk kampioenskip yn 2012. It WK fuotbal begjint tongersdei 12 juny.