Lidl draait op sinnepanielen

12 jun 2014 - 12:37

It distribúsjesintrum fan Lidl op It Hearrenfean kin, mei de 13.000 m2 sinnepanielen op it dak, op dagen mei sinneskyn folslein foarsjen yn de eigen enerzjyfraach. Op jierbasis betsjut dit dat no hast 1/5 fan de enerzjy dy't it bedriuw nedich hat fan de sinnepanielen komt. It distribúsjesintrum is no in jier iepen as ien fan de meast duorsume bedriuwen yn Nederlân.

Yn jannewaris waarden de sinnepanielen oanbrocht. Neffens regiodirekteur Makkinga fan de Lidl is de grins oan it opwekken fan eigen enerzjy no foarearst wol berikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)