Siameeske twilling 60 jier los

Se wiene wrâldnijs, dik sechtich jier lyn: de Siameeske twilling Folkje en Tjitske de Vries fan Mûnein. Tongersdei is it op de kop ôf 60 jier lyn dat se skieden binne. De beide famkes wiene mei de buken oanelkoar fergroeid, mar fan de berte ôf funksjonearren de beide lichems folslein los fan elkoar. Tegearre weagen se by de berte trettjin pûn.
Yn it Diakonessensikehûs yn Ljouwert waard fêststeld dat de poppen in goede kâns hiene om skieden te wurden. Se sieten oer in stik fan sân sentimeter oan elkoar fêst.
Op 12 juny 1954 waarden Folkje en Tjitske mei sukses skieden yn Ljouwert. Sawol de berte fan de Siameeske twilling as de operaasje wiene wrâldnijs.
Tongersdei ferskynt in boek oer de twilling fan sjoernalist Rik Kuiper, dy't de twillingsusters bij hege útsûndering oan it praten krigen. Trettjin jier lyn slagge dat Omrop Fryslân programmamakker Sippy Tigchelaar ek, Sy makke in dokumintêre oer Folkje en Tjitske en de minsken om har hinne, lykas mem Blijke.