Buskes te swier beladen

© ANP XTRA
De plysje hat woansdei by in ferkearskontrôle op de Aldlânsdyk yn Ljouwert ferskate automobilisten op 'e bon slingere. By de kontrôle waarden buskes kontrolearre op it gewicht fan de lading.
Fan de 20 kontrolearre bussen die bliken dat acht dêrfan te swier laden wienen. Yn seis gefallen hie de bestjoerder net it goede rydbewiis, wie de ferljochting net ynoarder of wie de bestjoerder ûnder it riden oan it beljen.