It Amelân hat nije koälysje

12 jun 2014 - 11:33

Amelân hat lang om let in nije koälysje. De politike partijen Amelân '82, it CDA en de VVD hawwe woansdeitejûn in akkoart berikt. De ôfrûne moannen waard der folop ûnderhannele oer it koälysjeakkoart. Will Bakema is foardroegen as wethâlder foar Amelân '82. Foar it CDA is dat Nico Oud. De VVD moat noch in kandidaat oanwize.

De koälysjepartijen wolle har de kommende fjouwer jier rjochtsje op ferskate projekten, lykas de oanlis fan it sinnepark, in opknapbeurt foar de jachthaven fan Nes en in nij ferpleechsoarchsintrum yn Hollum.

Trefwurden: 
It Amelân koälysje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)