Amtners stake foar bettere CAO

12 jun 2014 - 11:10
  • Staking

Tûzenen gemeente-amtners lizze nije wike woansdei it wurk del. Yn Hendrik Ido Ambacht hâlde de fakbûnen in lanlike stakingsdei om't se har nocht hawwe fan de ûnderhannelings oer in nije CAO. Nei oardel jier leit der noch altyd gjin akkoart. Ek yn Fryslân lizze de amtners nije wike woansdei it wurk ien dei del.

Bestjoerder Erik Gerritsen ferwachtet lykwols gjin grutte ferstoarings, om't der fan elke gemeente mar in lyts ploechje minsken meigiet. Hoefolle Fryske amtners har krekt oanmeld hawwe foar de stakingsdei is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)