Pech miljeuboat Marrekrite

12 jun 2014 - 10:39

De miljeuboat fan de Marrekrite leit oan 'e kant mei motorpech. Dat meldt it rekreaasjeskip tongersdei op twitter. De boat wurdt sûnt ferline wike brûkt om húskewetter om te heljen by boaten op lisplakken bûtenút en om boateigeners der fan te oertsjûgjen dat sy it smoarge wetter net sa mar yn it wetter loaze.

Der wurdt oan wurke om de stoaring sa gau mooglik te ferhelpen.

Trefwurden: 
Marrekrite miljeuboat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)