Acht oanhâldings yn drugssaak

De plysje hat yn in drugsûndersyk yn Noardeast-Fryslân acht fertochten oanholden foar it yn besit hawwen en hanneljen yn soft- en harddrugs. It giet om manlju út Damwâld, Ljouwert, Dokkum en Strobos.
De plysje kaam de fertochten op it spoar fia eardere ûndersiken en ynformaasje fan tsjûgen. It ûndersyk is noch yn folle gong. De plysje slút mear oanhâldings dan ek net út.