Frachtwein ferliest oplizzer
In 39-jierrige frachtweinsjauffeur út Drachten is tongersdeitemoarn krekt foar fiif oere syn oplizzer kwytrekke op it ferkearsplein by De Jouwer. De oplizzer bedarre op de fangrail. De sjauffeur kaam mei de skrik frij.
De bypass fan De Lemmer nei It Hearrenfean waard tydlik ôfsletten, mar waard om healwei achten wer frijjûn.