Aikido ek by Special Olympics

Aikidoka's yn aksje © ANP
Leden fan trije aikidoskoallen yn Noard-Nederlân sille sneon by de Special Olympics op It Hearrenfean in demonstraasje jaan om de Japanske fjochtsport te promoatsjen. De demonstraasje is in betankje foar it feit dat de aikidoka's fergees gebrûk meitsje meie fan de dojo fan It Hearrenfean foar har eigen evenemint.
Dielnimmers fan de Special Olympics dy't entûsjast wurde, kinne letter in spesjale klinik krije.