Havenmantsje bêste fan Noarden

Restaurant 't Havenmantsje yn Harns © Omrop Fryslân
Restaurant It Havenmantsje fan topkok Marco Poldervaart út Harns is it bêste restaurant fan Noard-Nederlân neffens de besikers fan de Heerlijk10daagse. Op it twadde plak einige De Groene Lantaarn út Zuidwolde en Elevé út Ljouwert waard tredde. Lanlik einige It Havenmantsje restaurant op it twadde plak, efter Ivory út Nijmegen.
Minsken kinne mei de Heerlijk10daagse mei grutte koarting ite by toprestaurants. It evenemint waard dit jier foar de sechsde kear organisearre.