Goed jier foar Kabelnoord

11 jun 2014 - 21:10

Kabelbedriuw Kabelnoord hat it ôfrûne jier ien miljoen euro winst makke. De omset kaam út op hast 10,5 miljoen euro en dat is goed 6 ton heger as in jier earder. Direkteur Niek Geelhoed fan Kabelnoord tinkt dat de winst fan syn bedriuw benammen te krijen hat mei in groei fan it tal totaalpakketten fan syn klanten. De prizen binne gelyk bleaun, dus dêr sit de winst him neffens Geelhoed net yn.

It goede resultaat wurdt brûkt foar nije ynvestearrings. Kabelnoord is drok dwaande mei de oanlis fan glêsfezel foar har klanten.

Trefwurden: 
Dokkum glêsfezel Kabel Noord
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)