Nije opset EK allround

11 jun 2014 - 19:43

It EK allround yn it reedriden feroaret yn in lytse fjouwerkamp. It ynternasjonale reedrydbûn ISU hat woansdei ynstimd mei dit plan fan de KNSB. De manlju ride yn stee fan in 10 kilometer aanst in 1000 meter en by de froulju makket de langste ôfstân, de 5 kilometer, plak foar de 1000 meter.

Njonken dizze feroaring wurde ek de ôfstânstitels, de massastart en de ploege-efterfolging oan it EK tafoege. It fernijde EK wurdt fan it seizoen 2016-2017 ôf ynfierd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)