Bouwmeesters: ien en njoggen

11 jun 2014 - 18:13

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat woansdei op it EK Laser Radial yn it Kroätyske Split in tredde en in twadde plak helle. Se hat no acht punten. Dat is like folle as de Dútse Svenja Weger dy't yn de oare float syld. It fjild fan 92 Laser Radials is opdield yn twa kear 46 boatsjes.

Roelof Bouwmeester makke op de tredde dei yn syn Laser in geweldige sprong yn it EK klassemint. Troch in tredde en in twadde plak klom de broer fan Marit fan it 26e nei it njoggende plak. It EK duorret noch oant en mei sneon 14 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)