Oanjefte nei fynst deade hûn

11 jun 2014 - 15:56

De diereambulânse hat woansdei in deade hûn fûn yn in hûs oan de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert. De Amerikaanske Stafford wie swier fertutearze en is nei alle gedachten ferhongere. De eigener (31) hie de diereambulânse sels frege oft se it deade bist ophelje koe. Doe't de diereambulânse kaam, die bliken dat der noch in hûn wie. Ek dizze Stafford wie fertutearze, hy wie noch mar 11 kilo swier.

De plysje hat dizze hûn dêrom yn beslach naam. Neffens de bistedokter komt it goed mei him. De diereambulânse hat oanjefte by de bisteplysje dien.

De diereambulânse sammelet no jild yn om de deade hûn kremearje te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)