Lutz Jacobi biedt petysje oan

PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi sil ynkoarten de petysje 'Bern fan Burgum' oanbiede oan steatssekretaris Fred Teeven. Dat lit inisjatyfnimmer Marcel Smit út Burgum witte. Mei de petysje helle Smit yntusken al goed 800 hantekeningen op foar de 8-jierrige Zuleyga en de 11-jierrige Anar út Burgum.
Beide bern driigje it lân útset te wurden nei Azerbeidjan, om't se net ûnder it bernepardon falle. Se wiene wol yn byld by de gemeente, mar net by de ryksoerheid. En dus falle se net ûnder de rigels fan it bernepardon, sa stelt Teeven.