Blog: Iepening Special Olympics live te sjen by Omrop

De iepeningsseremoanje fan de Special Olympics Nationale Spelen op freed 13 juny is live te folgjen by Omrop Fryslân, fia de ynternetstjoerder Omroplive.nl. Oan dizze nasjonale spelen foar minsken mei in ferstanlike beheining (G-sporters) op 13, 14 en 15 juny dogge 2.000 sporters mei. De iepening fynt plak yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean.
De iepeningsseremoanje begjint om 18:45 oere, fan 18:30 oere ôf binne der al live bylden fan de tariedings te sjen op www.omroplive.nl. De iepening begjint mei de flaggeseremoanje, wêrby’t alle sporters per provinsje it stadion yn komme. Dat wurdt dien op de klanken fan in spesjaal liet, dêr’t alle provinsjale dialekten yn foarbykomme. De Olympyske flam reizget dizze perioade troch de provinsje Fryslân. Dy reis einiget op 13 juny mei it oanstekken fan it Olympysk fjoer foar de Special Olympics. De flam wurdt yn it stadion brocht troch Hero Hoekstra fan It Hearrenfean. Hoekstra docht mei oan de 200 en de 400 meter by it ûnderdiel atletyk.
De iepeningsseremoanje wurdt presintearre troch Ellen ten Damme. Der binne optredens te sjen fan ûnder oaren Danny de Munck, Lange Frans (dy’t ek in spesjale rap makket foar de Spelen), Syb van der Ploeg en Charly Luske. De Johan Willem Friso Kapel fan de Keninklike Lânmacht en Advendo út Snits soargje ek foar it muzikale listwurk.
De iepening fan de Special Olympics is te folgjen op www.omroplive.nl op freed 13 juny fan 18:30 oant 20:45 oere. De hichtepunten fan de iepeningsseremoanje binne op snein 15 juny ek op Omrop Fryslân Televyzje te sjen yn in programma fan in oere. Dat wurdt útstjoerd tusken 12:00 en 13:00 oere.