16 tips oerfal Jetten Yachting

11 jun 2014 - 10:36

De útstjoering fan Opsporing Verzocht fan tiisdeitejûn hat 16 brûkbere tips opsmiten yn de saak fan de oerfal op wettersportbedriuw Jetten Yachting yn Snits. Neffens de plysje sitte der in pear tige ynteressante tips by.

De oerfal wie op 5 febrewaris fan dit jier. Twa manlju bedrigen twa meiwurkers mei in fjoerwapen en easken jild. De meiwurkers waarden slein en rekken dêrby licht ferwûne. De oerfallers namen jild en bankpassen mei. Jûns waard der mei de passen pind by de Rabobank yn Grou. Yn it programma wiene bylden fan de manlju te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)