Brommerrider rydt fytser oan

In jonge fan 12 jier út It Heidenskip is tiisdeitemiddei op de Spoardyk yn Warkum ferwûne rekke by in oanriding. De jonge fytste oer de Spoardyk doe't hy oanriden waard troch in 16-jierrige brommerrider út Warkum. De Warkumer ried op syn ûnfersekere brommer by in tankstasjon de dyk op en botste doe tsjin it slachtoffer oan. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehús brocht.