Kallemooi-feest bliuwt bestean

11 jun 2014 - 09:55
  • De hoanne sit opsletten yn dizze koer

It Kallemooi-feest op Skiermûntseach is sûnder problemen ferrûn. De bistebeskerming hie beswier oantekene tsjin it tradisjonele gebrûk om in hoanne yn koer op te hingjen yn in mêst fan 20 meter heech. De hoanne sit dan trije dagen lang mei wiete bôle as iennichste fretten yn it kuorke opsluten. Neffens de bistebeskerming is dat net mear fan dizze tiid en feroarsaket it in soad stres by it bist.

Tiisdeitejûn is de hoanne ûnder grutte belangstelling wer nei ûnderen helle en werombrocht nei syn hintsjes.

Neffens de organisaasje wie it in prachtich feest en sil it Kallemooi-evenemint dan ek net ferdwine fan Skiermûntseach.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)