Marit Bouwmeester noch earste

Marit Bouwmeester, hjir op argyffoto © Petar Prkic
Marit Bouwmeester stiet nei de twadde dei by it EK yn de Laser Radial-klasse noch altyd earste yn it klassemint. De wedstriden binne by Split yn Kroäsië. De Friezinne waard tiisdei yn de tredde race opnij twadde, neidat se moandei by de earste twa races ek al twadde waard. Se hat yn it klassemint ien punt foarsprong op Svenja Wegner út Dútslân. Har broer Roelof docht it yn de Laser by de manlju in stik minder, hy stiet nei trije races op it 26e plak. Der waard tiisdei mar ien kear syld omdat der amper wyn stie.