Jild foar projekten beheinden

10 jun 2014 - 21:35

It fûns foar ferstanlik beheinden jout hast 30.000 euro subsydzje oan 26 projekten yn de provinsje Fryslân. It giet om lokale projekten foar beheinde minsken. Under oaren âldereinferienings Sein en KansPlus en Stifting Clubwerk Pypskoft krije jild.

De bedragen fariearje fan in pear hûndert euro foar in muzykjûn oant in pear tûzen euro foar in groepsfakânsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)