Supermerk yn sintrum Grou

10 jun 2014 - 20:50

Poiesz bout in nije supermerk yn Grou, op it plak dêr't it eardere postkantoar stiet, oan de râne fan it doarpssintrum. It postkantoar wurdt sloopt en op it plak dêr't Poiesz no sit, komme parkearplakken. It bedriuw stekt oardel miljoen euro yn it projekt. De gemeente Ljouwert draacht dik seis ton by foar de ynrjochting fan it parkearterrein.

Der is njoggen jier oer praat omdat it dreech wie om sa tichtby it sintrum in super mei in opperflak fan 1000 kante meter en parkearromte te bouwen.

Der moat in oanpassing yn it bestimmingsplan makke wurde, dus de gemeenteried moat der oer beslute en dat betsjut dat it doarp der ek noch wat fan fine mei. Direkteur Piet Smit fan Poiesz en wethâlder Deinum geane der lykwols fanút dat it wol goed komt mei it plan.

Trefwurden: 
Grou supermerk sintrum Poiesz
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)