Nij plan rûnwei De Westereen

Dantumadiel ûndersiket de mooglikheden foar in súdwestlike ûntslutingswei yn De Westereen. It kolleezje hat in plan ûntwikkele om it súdlike part fan it doarp fia de Yndustrywei, Lange Reed en oer de Swemmer oan te sluten op de Sintrale As.
De kommende tiid wurdt sjoen nei draachflak fanút it doarp, de finansiering, it oankeapjen fan grûn en de ferkearsaspekten. De gemeente wol yn de hjerst dúdlikens hawwe oft it plan trochsetten wurde kin.