Echte Rembrandt yn Hannemahûs

10 jun 2014 - 19:15

Museum it Hannemahûs yn Harns hat foar de tentoanstelling 'Rembrandt in zwart-wit' in echte Rembrandt ets bemachtige. In echtpear, dat ûnbekend bliuwe wol, hat it museum in bysûndere ets fan 'Het loflied van Simeon' liend. Ut ûndersyk die bliken dat de ets in ôfdruk is dy't op de orizjinele etsplaat fan Rembrandt makke is.

It grutste part fan de tentoanstelling komt fan sammeler Jaap Mulders. Hy hat ek in echte etsplaat fan Rembrandt bemachtige kind. Beide topstikken binne oant en mei 22 juny te sjen yn it Hannemahûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)