Soad belangstelling foar N381

10 jun 2014 - 18:57

In soad belangstelling en benammen positive reaksjes op de earste fan twa ynrin-gearkomsten yn Wynjewâld oer de N381. Of better: oer de saken dy't dêr omhinne regele wurde. It nije trasee rint westlik fan de hjoeddeistige dyk, wêrtroch it benammne yn it buorskip Klein Groningen in stik rêstiger wurdt.

Wynjewâld krijt troch de oanlis fan de nije dyk ek in tal 'kadootsjes': sa wurdt de fertutearze muzykkoepel opknapt en komt der ek noch in pleintsje by. Yn doarpshûs De Swingel kinne de plannen op woansdei 11 juny nochris besjoen wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)