Undersyk nei No Surrender

Welkoop ticht fanwege start motortocht No Surrender © Omrop Fryslân, Karen Bies
De gemeente Ljouwert docht ûndersyk nei de sitewaasje dy't pinktermoandei ûnstie op it parkearterrein fan de Welkoop. Leden fan motorklup No Surrender sammelen har moarns ûnferwachts op it terrein fan de winkel. De direksje die de doarren nei de komst fan No Surrender op slot.
De gemeente wol witte wat der krekt bard is en hoe't de sitewaasje krekt ûnstien is. Foar it ûndersyk wurdt mei belutsen partijen praat. Uterlik tongersdei moat it ûndersyk dien wêze, meldt in wurdfierder oan Omrop Fryslân.