Te min animo foar natuerkursus

10 jun 2014 - 17:11

It natuerynstitút IVN hat ferlet fan minsken dy't de natuergidsekursus by harren folgje wolle. Op it stuit binne der noch te min dielnimmers foar de twa-jierrige kursus, dy't yn septimber begjint. Neffens Anja Dijkstra fan IVN Noard hawwe sa'n achttjin minsken harren no opjûn, mar der binne sa'n 25 oant 30 dielnimmers nedich.

De kursus bestiet út tritich teorybyienkomsten en tweintich ekskurzjes. De Natuergidsekursus wurdt organisearre troch IVN Súdwesthoeke dy't dit jier har 25-jierrige jubilieum fiert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)