Agressive motorrider oppakt
In agressive motorrider (49) út Drachtsterkompenije hat moandeitemiddei in plysjeman mishannele. De fertochte ried sûnder helm op de motor oer de Langwest yn Drachten. Doe't de plysjeman him seach, naaide hy út. Op de Stasjonswei rekke de motor fan de dyk en foel. In passazjier dy't achterop siet naaide út.
De bestjoerder sloech de plysjeman op syn helm, mar is mei help fan omstanners oppakt. Op it plysjeburo die bliken dat de man gjin rydbewiis hie en net fersekere wie. Ek hie er dronken. De motor is yn beslach naam.