Blog: Torchrun troch de provinsje

Torchrunner Hero Hoekstra rint dizze wike troch de provinsje mei de 'Flame of Hope'. Hy komt freedtejûn tsjin sân oere oan by it Abe Lenstrastadion. Dêr sil er dan de Olympyske Flam oanstekke. Yn in ynterview foar de radio fertelt Hero oer syn tocht troch de provinsje. Boppedat sil er ek meidwaan oan de Spelen op ferskate hurddraafnûmers.
It is no noch mar in pear dagen foardat de Special Olympics 2014 begjinne. It Olympysk Doarp is hast klear om de twatûzen G-sporters te ûntfangen.