25 kandidaten foar Opsterlân

10 jun 2014 - 15:47

Der binne 25 minsken kandidaat foar de funksje fan boargemaster fan Opsterlân. Dêrfan binne 18 man en 7 frou. De measte kandidaten komme fan de VVD (9), folge troch PvdA (4) en it CDA (3). Oare kandidaten komme fan Gemeentebelangen, ChristenUnie, GrienLinks, D66 en Burgerbelangen.

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma makket in earste seleksje. In part fan de gemeenteried mei dêrnei de definitive kar meitsje. Dat moat yn de hjerst bekend wurde. Dizze moanne giet boargemaster Francisca Ravesteijn nei de gemeente Pijnacker-Nootdorp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)