Ferwûne by botsing yn Ljouwert

© De Vries Media
By in botsing op de Sixmastrjitte yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in bestjoerder ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak kamen twa auto's mei-inoar yn botsing. Dêrby waard ien fan de auto's fol yn de sydkant rekke. Neffens de plysje wie it in behoarlike botsing, dêr't ien fan beide bestjoerders by ferwûne rekke en nei it sikehûs yn Ljouwert brocht wurde moast. De oare bestjoerder is op it plak fan it ûngelok behannele.