Skippers moatte smoargens kwyt

In groep froulju út de binnenfeart hat tiisdei yn Den Haach in petysje oanbean oan minister Schultz Van Haegen. De delegaasje hat - ûnder lieding fan de Snitser skippersfrou Diana Hulzebos - in pear tûzen hantekens sammele foar in petysje dêr't yn frege wurdt om in earlike regeling foar it ôfjaan fan hússmoargens. Sûnt dit jier hellet Rykswettersteat de smoargens by brêgen en slûzen net mear op. De dêrfoar beskikber konteners binne fuorthelle.
Skippers moatte no in djoer abonnemint nimme om fan de smoargens ôf te kommen.