Tellers op Engelsmanplaat

Profesjonele waadbehearders fan de Waddenunit fan Ekonomyske Saken en frijwilligers fanút de rekreaasjefeart hawwe dit wykein foar it earst mei elkoar oan it wurk west op de Engelsmanplaat. Beide besykje sy de aktiviteiten fan minsk en natoer yn byld te bringen en dat betsjut in hiel soad telwurk. De frijwilligers krigen tips oer fûgels telle en soarten ûnderskiede kinne. Doel wie om it wurk fan frijwilligers en betelle krêften op elkoar ôf te stimmen en mear begryp te krijen foar elkoars wurk.