Hilianne v.d. Wal útskeakele

Foar top-fierljepster Hilianne van der Wal út Noardburgum is der in abrupt ein kaam oan it seizoen. De regearend Nederlânske kampioene en Frysk rekôrhâldster hat snein har ankel brutsen by in demonstraasjewedstryd yn it Gelderske Altforst. Sneintemiddei yn it sikehûs yn Nijmegen die bliken dat it om in dûbele breuk giet. Van der Wal is yntusken opereard en is moandei wer thúskaam.