It Frysk giet op 'e swalk

10 jun 2014 - 13:04

De Moanne fan it Fryske boek giet fierder ûnder in nije namme: Swalk. In skip swalket 10 dagen lang troch Fryslân en docht mei-inoar njoggen doarpen oan om hjir in programma mei literêre en muzikale optredens te fersoargjen.

De opset fan Swalk ferskilt fan it orizjinele plan. Swalk duorret koarter, is yntinsiver en jout njonken boeken ek omtinken oan toaniel, muzyk en keunst. It Boekefeest yn septimber bliuwt lykwols bestean, mar sil dit jier net yn Tresoar plakfine, mar yn de Blokhúspoarte.

Sjoch hjir foar de webside fan Swalk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)