Heger wetter kostet soad jild

Nije berekkenings fan it KNMI oer de gefolgen fan de klimaatferoarings meitsje dat it wetterskip tusken de 30 en 100 miljoen euro ekstra ynvestearje moat om ús feilichheid te garandearjen. Wetterskip Fryslân tinkt dat yn 2050 de wetterstân yn marren en kanalen 12 sintimeter heger wêze sil as der neat dien wurdt en de see stiet 40 sintimeter heger. Oant 2030 binne de maatregels dy't no op papier stean genôch, mar foar de tiid dêrnei lizze der no fjouwer opsjes, ûnder oare de bou fan nije gemalen en ekstra romte foar wetteropslach.
De bou yn fan in nij gemaal by Lauwerseach, Harns of Holwert is in opsje mei ekstra maatregels om it wetter tydlik op te slaan of hielendal gjin nij gemaal, mar mei mear ynset op oare maatregels. Nij is it ynsjoch dat in nij gemaal by Lauwerseach net alle problemen oplosse sil. Der sille hieltiten faker buien falle dêr't safolle wetter út falt, dat in gemaal by Lauwerseach dat net ferwurkje kin, omdat it te fier fan it sintrum fan de provinsje leit. Yn desimber falt in definityf beslút.