'Reorganisaasje Hartman ramp'

De reorganisaasje by túnboubedriuw Hartman yn Seisbierrum is in ramp foar Seisbierrum. Dat seit Ruud Hoff, wurdfierder fan doarpbelang. De 50 fêste meiwurkers moatte opnij sollisitearje nei in baan by it bedriuw, dêr't se minder lean foar krije. Sa moat der in heal miljoen besparre wurde. It beslút rekket in soad ynwenners om't Hartman ien fan de grutste wurkjouwers yn Seisbierrum is en dat hat ympakt op it hiele doarp.
By doarpsbelang binne ferhalen binnenkaam dat húshâldings der bruto 600 oant 1000 euro op efterút gean.
Doarpsbelang kin neat dwaan, mar hâldt de finger oan de pols en pleatst it lêste nijs op de eigen webside. Neffens it fakbûn CNV wurde mei dizze maatregels twongen ûntslaggen foarkommen.
Supermerk-ûndernimmer Henk Stuiver wie de lêste tiid dwaande mei plannen om syn supermerk út te wreidzjen of te ferpleatsen nei in oar plak yn it doarp. Dy plannen set Stuiver no earst yn de iiskast. Hy wol earst ôfwachtsje wat it effekt is fan de reorganisaasje by Hartman.