Bern bedrige nei swimpartij

© ANP XTRA
In 33-jierrige frou út Ljouwert is moandeitejûn op de Nijlânsdyk oanhâlden op fertinking fan bedriging. De frou hie har by it Van Harinxmakanaal ergere oan bern dy't dêr oan it swimmen wiene. Neffens de frou soargen de bern foar tefolle oerlêst. Doe't de bern fuort giene waarden se troch de frou mei in meske bedrige. De âlders warskôgen de plysje en dy hat de frou oanhâlden.