Fracht aluminium stellen

© Omrop Fryslân
De plysje fan It Hearrenfean ûndesiket de stellerij fan in frachtwein mei 21.000 kilo aluminium. De dieven namen de frachtwein mei oplizzer yn de nacht fan moandei op tiisdei mei by in bedriuw oan de Ljouwerterstrjitwei op It Hearrenfean. Se kamen der yn troch in rút yn it kantoar iepen te brekken. Nei't se de kaai pakt hienen, naaiden se út yn ûnbekende rjochting. De bedriuwslieder hat oanjefte dien.