Blog: It WK fuotbal: in jongesdream

It WK fuotbal: in jongesdream.
Bom dia! Tudo bem? Goeiedei! Alles goed? It binne de earste Portugeeske wurden dy’t ik leard ha. Ik bin yn Brazilië, yn Rio de Janeiro om krekt te wêzen. It WK fuotbal giet hjir oer in pear dagen los. En ik mei it fan tichtby meimeitsje! Hoe machtich moai is dat?! Oktober ferline jier ha ik de oerstap makke fan Omrop Fryslân Sport nei de sportredaksje fan de NOS. Wa hie no tinke kind dat ik fuortendaliks yn it earste jier al nei it WK fuotbal gean soe? Ik yn elts gefal net!
As lyts jonkje naam ús omke Anne my foar it earst mei nei in fuotbalstadion. Hy wurke as sportsjoernalist foar de Gorcumse Courant. Utrecht-Ajax wie de wedstriid dêr’t ik mei him nei ta mocht, op 20 novimber 1994. It wie in wedstriid fan neat, dy’t einige yn 0-0 mar dat makke my neat út. Ik wie ferkocht, de sfear yn it stadion makke sa’n grutte yndruk op dat 9-jierrige jonkje út Balk!
Ajax, dat letter dat seizoen de Champions League wûn, spile mei mannen as Van der Sar, Frank en Ronald de Boer, Jari Litmanen en gean mar troch. Louis van Gaal, de hjoeddeistige bûnscoach fan Oranje, wie de trainer en ik seach myn eagen út. “It wurk dat omke Anne docht, dat wol ik letter ek”, tocht ik by mysels. “En dan in kear nei it WK fuotbal, dat soe moai wêze!”, tocht ik der fuort achteroan. En no is it safier…
Wurkje yn it IBC
Ik wurkje de kommende fiif wiken yn it ynternasjonale parsesintrum, it IBC (International Broadcast Center). Dêr komme alle bylden fan trainings, wedstriden, ynterviews en parsekonferinsjes binnen. Dêrneist leveret de FIFA ek reportaazjes oan oer alle lannen, stêden dêr’t spile wurdt en oare sfearympresjes. Ien fan ús taken yn it IBC is om te selektearen wat ynteressant is foar it Nederlânske publyk. Dêrnêst sil ik (nijs)ferhalen skriuwe foar de website fan de NOS en de radio- en tillevyzjeferslachjouwers helpe by it tarieden en meitsjen fan reportaazjes.
Yn it IBC wurdt noch hurd wurke om alles op te bouwen en klear te krijen. Noch net alles wurket, mar dat sil tongersdei, as de iepeningswedstriid tusken Brazilië en Kroäsië spile wurdt, grif oars wêze. Om’t we snein noch net al te folle dwaan koene ha we mei de IBC-kollega’s nei de opname fan Studio Voetbal west. Dat fûn plak op it dak fan it Nederlânske konsulaat, op in skitterjende lokaasje yn it hert fan Rio de Janeiro. Wylst ik útseach oer de stêd, genietsjend fan it prachtige plaatsje, tocht ik noch even oan dat 9-jierrige jonkje. “Noch in pear dagen, dan rôlet de bal. En ik bin der by. It WK fuotbal: in jongesdream!”
Jan Vincent van Zuiden
Twitter: @JVvanZuiden