Kamminga en Hekman pakke titel

10 jun 2014 - 07:32

Manon Kamminga hat moandei by it NK maraton skeelerjen yn Vorden har nasjonale titel fan 2011 werompakt. Yn in spannende einsprint wist Kamminga de ploechgenoaten Mariska Huisman en Lisa van der Geest foar te bliuwen. Titelferdigenster Elma de Vries moast genoegen nimme mei it fjirde plak.

Grutte favoryt Crispijn Ariëns fan Wolvegea slagge der net yn syn titel fan ferline jier te prolongearjen. De Wolvegeaster einige as tredde. De titel gong nei syn ploechgenoat Gary Hekman. It twadde plak wie foar Mark Horsten fan It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)