Fytsalvestêdetocht goed ferrûn

De organisaasje fan de 78e fytsalvestêdetocht is tefreden oer it ferrin fan de tocht, ek al binne sa'n tritich dielnimmers yn it sikehûs belâne. In brutsen heup, pols of - yn de measte gefallen - skouderbonke wie dêr de oarsaak fan. Ien persoan waard mei sukses reanimearre.
Yn tsjinstelling ta de ferwachtings, bleau it de hiele dei droech, sadat de organisaasje gjin maatregels hoegde te nimmen tsjin mooglike tongerbuien. Mei-inoar hawwe goed 14.000 fytsers oan de tocht meidien. De lêsten kamen krekt foar tolve oere nachts oer de streek.