Motors ride alvestêdetocht ek

09 jun 2014 - 17:44

Net allinnich fytsers, ek motorriders dogge tradysjegetrou de alvestêdetocht op pinkstermoandei. De Fryske Motorklup bestiet dit jier 100 jier. 3600 Motorriders ferskynden dit jier oan de start. Dy start wie op in oar plak as dy fan de fytsalvestêdetocht. De fytsers begjinne yn Boalsert en de motors yn Ljouwert.

De motorriders hawwe boppedat in oare rûte as de fytsers. Se ride krekt de oare kant op, dus earst de súdlike lus fan de alvestêderûte. Dêr is foar keazen om de fytsers sa min mooglik tsjin te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)